Frederikshavn
Frederikshavn (earder Flatstrand) is in stêd yn it noarden fan Denemark. De stêd is ûnderdiel fan 'e gemeente Frederikshavn yn 'e regio Noard-Jutlân.
Frederikshavn | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
regio | Noard-Jutlân | |
gemeente | Frederikshavn | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 22.961 (2023) | |
Oerflak | 13.6 km² | |
Hichte | 7 m | |
Oar | ||
Postkoade | 9900 | |
Koördinaten | 57° 26' N 10° 32' E | |
Offisjele webside | ||
www.frederikshavn.dk | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske stedsgebiet fan Frederikshavn wurdt al tûzenen jierren bewenne. Argeologyske fynsten binne der fan de Stientiid oant de tiid fan 'e Wytsings, lykas grêfhichtes, hunebêden, delsettings en de argeologyske fynsten yn it noardlikste diel fan Jutlân.
Geunstich foar de ûntwikkeling fan Frederikshavn wie de lokaasje oan 'e see mei in natuerlike haven en goede oanlismooglikheden. De ôfstân fan 'e kusten fan Sweden en Noarwegen is by Frederikshavn net grut en dat brocht ekonomyske, politike en militêre foardielen. Sa waard it eardere fiskersplakje Fladstrand ("flak strân") yn 1818 troch de Deenske kening Freark VI stedsrjochten jûn. Ek waard it plak nei de Deenske kening omneamd yn Frederikshavn. Mei in haven koe de stêd him snel ûntwikkelje ta in wichtich hannelssintrum yn 'e regio.
De strategyske lokaasje wie yn 'e tiid fan 'e Dútske besetting ek belangryk, doe't de stêd ien fan 'e fjouwer belangrykste ferdigeningslokaasjes yn Denemark waard. Fjouwer gebieten hiene ûnder de Dútske besetting deselde status: njonken Frederikshavn wiene dat Aalborg, Esbjerg en Hanstholm.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1850 | 1855 | 1860 | 1870 | 1880 | 1890 | 1901 | 1906 | 1911 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 1.374 | 1.467 | 1.843 | 2.133 | 2.891 | 4.848 | 6.538 | 7.176 | 7.917 |
Jier | 1921 | 1930 | 1940 | 1950 | 1960 | 1970 | 1981 | 1990 | 2000 |
Ynwennertal | 9.411 | 9.882 | 15.275 | 18.388 | 22.570 | 24.848 | 24.938 | 25.137 | 24.680 |
Jier | 2010 | 2020 | |||||||
Ynwennertal | 23.331 | 23.124 |
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeYn Frederikshavn einiget de E45, dy't yn Dútslân begjint.
De haven wurdt ek brûkt om minsken oer te setten nei Sweden en Noarwegen. Der binne feartsjinsten nei Larvik, Moss, Vestero Havn, Oslo en Göteborg. De havenkoade foar fiskersboaten is FN.
Musea
bewurkje seksje- Kustmuseum (yn 'e eardere krûdtoer)
- Bangsbo Fort (Kriichsmuseum)
- Bangsbo Museum
- Keunst Museum
- Buorkerijmuseum
Ofbylden
bewurkje seksje-
Skâns
-
Krûdtoer
-
Bangsbo Fort
-
Tsjerke fan Fladstrand
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frederikshavn fan Wikimedia Commons. |