Freonen fan Sleat

Stichting Freonen fan Sleat waard yn 1970 oprjochte "om de stêd te behâlden en safolle mooglik werom te bringen yn de oarspronklike steat wat arsjitektuer, landscaping en it stêdeboukundich aspekt oanbelangjend oanbelanget, sûnder dêrby gewelt oan te dwaan oan nije opfettings oer leefberheid en wenmiljeu".

Se wol yn it belang fan it eigen karakter fan de stêd en har befolking aktyf wêze en dat doel ûnder mear berikke troch restauraasje, it steunen fan de oerheid en helpe om safolle mooglik ûnreplik guod yn Sleat te ferwerven ta befoardering fan restauraasje en gebrûk. De Stichting joech advizen oan partikulieren en hat yn 1974 lâns It Djip 18 antike lantearnen opsteld, kocht yn it destiidske East-Dútslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: