Fresko fan Deo Gracias
De fresko fan Deo Gracias yn de Hillige Geastsjerke yn it Dútske Wismar is in fresko mei in wiskundich-logyske puzel fan letters.
De Latynske spreuk Deo Gracias (yn de Middellatynske stavering gracias ynstee fan gratias; Frysk: God sij Tank) kin yn totaal wol op 504 manieren lêzen wurde. Yn de tsjerke fan it sikehûs kin it riedsel sawol in lofprizing oan God en as in medisyn opfetten wurde. De werjefte fan de lofprizing as puzel foar abstrakt tinken is ûngewoan en dêrom weardefol. It wurdt beskôge as unyk yn Dútslân.
Untdekking
bewurkje seksjeDe yn 1326 wijde Hillige Geast tsjerke hearde by it Hillige Geastsikehûs. De Hillige Geasttsjerke waard yn 1978 yngreven restaurearre. Yn de 19e iuw waard de ferve fan de muorren helle en waarden de muorren wytkalke. De fynst fan it fresko ûnder in kalklaach op de súdkant fan de tsjerke wie in ferrassing. Dit fresko sit oan de rjochter sydmuorre oan de foarkant fan de tsjerke, tichtby de preekstoel. Foar de muorreskildering stie iuwenlang in barokke bychtstoel, dy ’t it troch de tiid hinne beskerme hat.
It fresko waard ûntdutsen troch de restaurateur Hans Todemann en dêrnei yn de twadde helte fan de santiger jierren folslein restaurearre. Nei tritich jier ferskynde slimme fochtskea oan de ûnderkant fan de byldnis, dat betsjutte in grutte skea. Yn 2010 waard it keunstwurk droege.
Troch it lettertype en it boujier fan de tsjerke koe de datearring beheind wurde. It fermoeden is dat it fresko makke is yn it jier fan de tsjerkewijing, anno 1326.
Yn Italië is in fergelykber fresko bekend: yn de tsjerke fan San Sebastian yn Acuto stiet boppe it alter in fresko fan Deo Gratias. It hat gjin spegelskrift, mar is fierder gelyk. It is ûndúdlik hokker muorreskildering âlder is.
Yndieling
bewurkje seksjeMei in grutte fan 150×115 sm hat it fresko de útstrieling fan in muorretapyt. De kleurstelling is beheind ta read- en swarttinten. It fresko wurdt dominearre troch in wiskundich-logyske puzel makke fan goatyske letters. It byld kin yn it earste oankommen betiizjend lykje. Yn de midden stiet in skaakboerdeftich reaster mei alve kolommen en njoggen rigen. Yn elk fan de 99 hokjes stiet in haadletter. De letters kinne gearstald wurde ta de spreuk 'Deo Gracias', in fariant fan 'Deo gratias'. De Latynske útdrukking kin oersetten wurde as 'God sij tank', 'God sij tank de hear' of 'Lit ús God tanke'. De letters binne ôfwikseljend read of swart werjûn. Oan de linkerkant binne de haadletters spegele.
Oan de linker- en rjochterkant wurdt it letterfjild flankearre troch twa figueren, links in frou en rjochts in man. De froulike figuer is nei alle gedachten de magistra (masteresse) fan it sikehûs. Hja draacht in lang read gewaad en in kape dy ’t nei alle gedachten by it habyt fan de beginesusters hearden, dy ’t ferantwurdlik wiene foar de soarch fan it earme- en sikehûs. De man oan de linkerkant hat in pak mei in heal patroan. Mooglik is hy de Magister, de hofmaster fan it Hillige Geastsikehûs. Hy wie ek ferantwurdlik foar de ekonomy en it behear fan de grutte stikken lân fan it sikehûs. Elk fan de figueren hâldt in doek yn de hân dy ‘t fertikaal nei de sydkant fan it letterfjild slingeret. De dêrop steande sinnen binne krektas de puzel yn haadletters skreaun. De taal is skreaun yn it saneamde muontse-Latyn, diels mei ôfkoartings. De spreuk fan de frou is Lege si sis en kin oersetten wurde as "Lês, ast it begrypst!" of as "Lês ast kinst". Dy fan de man is "Temte si vis", wat oersetten wurde kin as "Test ast wolst" of "Tel ast wolst." Boppe en ûnder de skildering sit in soart brede râne. It ûnderste stik is tagelyk it fuotstik foar de figueren, wêrby ’t de man heger stiet. Boppe de frou yn de râne en en ûnder de man op it fuotstik binne blomfersierings ôfbylde. It hiele byld is omjûn troch in ienfâldige, smelle list fan swarte linen.
Wiskundige en teologyske betsjutting
bewurkje seksjeDe fresko yllustrearret de betsjutting fan getallesymbolyk yn de midsiuwen en de spirituele ynterpretaasje fan it grutte tal lêsmooglikheden as symboalen foar de ûneinige lofprizings oan God.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Deo-Gracias-Fresko fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |