Friedberch (Beieren)

Friedberch is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Beieren, dat part is fan it distrikt Aichach-Friedberch.

It wapen fan Friedberch

It plak leit net fier fan Augsboarch oan de rivier Lech. De stêd waard stifte yn de 13e iuw, fanwege tolheffing by de brêge oer de Lech.

Friedberg hat sa'n 30.000 ynwenners. De âlde stêd is frijwat geef bleaun, omdat it yn de Twadde Wrâldkriich net safolle bombardearre is.