Friedrich Engels
Friedrich Engels (Barmen (Wuppertal), 28 novimber 1820 - Londen, 5 augustus 1895) wie in yndustrieel, sosjaal wittenskipper, skriuwer, polityk teoretikus, sosjalistysk filosoof en tegearre mei Karl Marx de grûnlizzer fan it kommunisme.
Dit artikel is in stobbe oer politikus.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Yn 1845 publisearre er 'De Tastân fan de Arbeidersklasse yn Ingelân', grûnfêste op persoanlike waarnimming en ûndersyk. Yn 1848 publisearren Marx en Engels tegearre it Kommunistysk Manifest. Letter stipe er Marx om ûndersyk te dwaan en 'It Kapitaal' te skriuwen. Engels redigearre nei de dea fan Marx in tal dielen fan Das Kapital.