In frije-útrinaai is in aai lein troch in hin dy't ek bûten rinne kin.

Binnen 9 hinnen de m², bûten ien hin de 4 m².

In hin dy't oerdei ek bûten rinne kin hat in ôfwikseljender libben as in skarrelhin, dy't meastentiids allinnich mar yn de stâl bliuwe moat. In frije-útrinaai mei sa hjitte as de hin teminsten 4 m² útrinromte ta foldwaan hat. Dat foar 2.500 hinnen moat de boer 10.000 m² greide foar de hinnen hawwe. Dêr moat fansels wol ôffreding omhinne, dat dy útrinmooglikheid kostet de boer sinten. Frije-útrinaaien binne dêrtroch meastentiids djoerder as skarrelaaien.

Meidat de hinnen bûten rinne kinne, krije se mear dioksine binnen. Dêrtroch hawwe de aaien soms in (te) heech dioksinehalte.

De aaien hawwe aaikoade '1'.

Frije-útrinhinnen.