Frits Clausen (Aabenraa (doe yn Prusen), 12 novimber 1893Kopenhagen, 5 desimber 1945) wie in Deensk dokter, nasjonaalsosjalistysk politikus en de lieder fan de Danmarks Nationalsocialistiske Arbejderparti (DNSAP) yn de Twadde Wrâldoarloch.

Frits Clausen

Under de Earste Wrâldoarloch naam Clausen tsjinst yn it Dútske leger. Nei de kriich, noch yn 1918, studearre Clausen medisinen yn Kopenhagen. Nei it heljen fan syn doktoraat, gie er yn 1924 oan 'e gong as hûsdokter yn Bovrup yn de gemeente Aabenraa dy't wilens yn 1920 middels in stimming oan Denemark kaam wie.

Clausen waard yn de jierren dêrnei hieltyd aktiver yn de polityk. Hy wie in pleiter foar it fannijs oansluten fan Denemarken by Dútslân en waard lang om let lid fan de Det Konservative Folkeparti, mar rillegau sluet er him oan by de Danmarks Nationalsocialistiske Arbejderparti (DNSAP). Binnen twa jier wie er partijlieder, wat er oant 1944 bliuwe soe.

Under Clausen farde de partij fral in nasjonalistyske koers en doelde er op nauwere bannen mei it Dútslân fan Adolf Hitler. Clausen syn polityk wie lykwols net populêr. Sterker noch, it fierwei grutste part fan syn oanhing kaam út de Dútske minderheid yn it suden fan Jutlân. Op har hichtepunt hie de partij sa'n tweintichtûzen leden en likefolle sympatisanten. By de ferkiezings fan 1939 belle de DNSAP lykwols mer trije sitten yn it parlemint.
Yn de maitiid fan 1940 waard Denemarken troch de Dútsers oermastere ûnder de operaasje Weserübung. It lân joech him oer binnen ien dei. Clausen reägearre fansels posityf op de Dútske besetters. Dy besochten om Clausen en leden fan syn partij in wichtige rol yn de regearing fan Denemarken te jaan, mar kening Kristiaan X wegere dit. De Dútsers stiene der offisjeel net bot op oan; se woene it Deenske folk net tsjin har' krije. Se hiene yn 1940 en 1942 wol plannen om Clausen oan de macht te bringen, mar dy waarden nea útfierd. Mei dêrom hold Denemarken betreklik in protte frijheid ûnder de Dútske besetting. De Dútskers hopen dat Clausen by de ferkiezingen fan 1943 legaal de macht pakke soe, mar de partij die it wer striemin mei mar trije sitten.

Mei it falen fan de partij by de ferkiezingen yn 1943, besleat Clausen him as dokter te melden by de Waffen-SS. Wol bleau er offisjeel lieder fan de DNSAP, wylst er tsjinne oan it eastfront. Hy rekke oan de alkohol en waard neitiid opnaam yn in klinyk yn Würzburg. Maitiid 1944 gie Clausen lykwols werom nei Denemarken, dêr't er op 5 maaie 1944 twongen waard it foarsitterskip oer te jaan. It betsjutte de ein fan syn politike karriêr.

Nei de oerjefte fan de Dútske troepen op 5 maaie 1945, waard Clausen fêstset en nei it kamp Polizeigefangenenlager Fröslee brocht. Clausen waard offsjeel oanklage, mar noch foar de útspraak yn syn saak stoar er yn de finzenis oan in hertoanfal.

  • Ole Ravn: Fører uden folk. Frits Clausen og Danmarks National Socialistiske Arbejder-Parti. Odense: Syddansk Universitetsforlag, 2007, ISBN 978-87-7674-203-4
  • John T. Lauridsen: Dansk nazisme 1930-45 – og derefter. Kopenhagen: Gyldendal, 2002, ISBN 87-02-00548-4
  • John T. Lauridsen: Føreren har Ordet!, Frits Clausen om sig selv og DNSAP. Kopenhagen: Museum Tusculanums Forlag, 2003, ISBN 978-87-7289-759-2