Frysk útjeftefûns

It Frysk útjeftefûns ( FúF ) waard yn 1968 yn Ljouwert oprjochte om it útjaan en opnij útjaan fan Frysktalige boeken te stimulearjen.

It wie in inisjatyf fan de Sintrale Bibleteektsjinst foar Fryslân en de iepenbiere bibleteken om jierliks in bepaald bedrach ( 1968: f 19.500,-; 1974: f 29.500 ) te stoarten yn in fûns. De bibleteken ûntfongen fan it ryk in ekstra subsydzje foar Frysk boekebesit op kondysje dat de provinsje en de gemeentes ek in bydrage leveren, nammentlik minimaal elk in fjirde fan de ryksbydrage. Ien seisde fan it totale bedrach jouwe de bibleteken frijwillich oan it FúF. Sûnt 1968 binne mear as 70 útjeften ( benammen romans, dichtbondels en jeugdboeken) subsidiearre. Sûnt 19972 is it FúF ek advysorgaan by de ferdieling fan provinsjale subsydzjes foar Fryske útjeften.

It bestjoer is gearstald út twa fertsjintwurdigers fan de Fryske iepenbiere bibleteken, twa fan de Stifting It Fryske Boek, ien fan de "Kommisje Befoardering Frysk Taalgebrûk", twa út it lêzerspublyk en ien fan de Sintrale Bibleteektsjinst foar Fryslân. Utjouwers dy 't in subsydzje by it FúF oanfregen, makken gebrûk fan in standert-subsydzje-oanfraachformulier. Nei akkoartferklearring troch it FúF-bestjoer waard per útjefte in oerienkomst opmakke mei de útjouwer oer ferkeappriis, oplage, printinge en subsydzjebedrach.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: