Frysk ûnderwiis yn Dútslân
Mei Frysk ûnderwiis yn Dútslân is de Fryske taalles ornearre dy’t op ferskate nivo’s yn ferskillende skoaltypen yn it distrikt Noardfryslân en de gemeente Hilgelân yn Sleeswyk-Holstein, as ek yn de gemeente Sealterlân yn Leechsaksen jûn wurdt. It Noardfrysk wurdt sa likernôch troch 8.000-10.000 minsken praat, it Sealterfrysk fan net mear as 2.500 minsken.
Skiednis
bewurkje seksjeOp skoallen yn de Frysktalige regio’s yn Dútslân wie der fanâlds net in protte romte foar taalles yn it Frysk. Oan it begjin fan de 19e iuw kaam yn Dútslân de ynfiering fan de skoalplicht en dêrby hie de Dútske taal fierwei in dominante posysje. Foar de ynfiering waard it Leechdútsk ek noch in protte brûkt, mar kaam troch it Heechdútsk hieltyd fierder yn ‘e knipe en ferlear úteinlik syn posysje. It Frysk waard yn de ûnderste klassen inkeld as ynstruksjetaal brûkt om de bern sa gau mooglik yn it Dútsktalige ûnderwiissysteem mei te nimmen. Yn it hartochdom Sleeswyk, wat oant en mei 1864 fan Denemark wie, hie it Noardfrysk gjin status as ûnderwiistaal. Yn de Regenburgske Sprogreskripter fan 1851 wie it Noardfryske taalgebiet foar in grut part ynkleure as gebiet dêr’t it Dútsk de skoal- en tsjerketaal wie.[1] Pas oan it begjin fan de 20e iuw joegen de skoallen foar it earst Fryske les. Yn dy tiid wie it tal dosinten lyts, goed lesmateriaal wie noch der amper. Boppedat wie de winsk fan de Fryske befolking nei Frysk ûnderwiis yn dy tiid net hiel grut. Yn it jier 1909 waard op it eilân Sal it Frysk as skoalfak foar it earst troch de oerheid tastien. Yn oare skoallen waard it Frysk by oare fakken ûnderbrocht en de tiid dy’t der foar beskikber wie per skoalle oars.
Yn de Weimarrepublyk krige it Frysk yn Sleeswyk-Holstein wat mear omtinken. Doe waard it Frysk foar it earst by ferskillende skoallen as skoalfak jûn. Yn it jier 1926 joegen 17 skoallen yn Noardfryslân Fryske les. Dat waard mei fleksibele learkrêften mooglik makke dy’t oan ferskillende skoallen de taallessen Frysk joegen. Under it nasjonaalsosjalisme wie it foar de Friezen yn Dútslân beheind mooglik om harren taal yn it ûnderwiis te brûken. Yn it jier 1944 bestie it Frysk yn it ûnderwiis yn prinsipe net mear.
Nei de Twadde Wrâldkriich wienen der opstartproblemen om wer by it âlde nivo te kommen fan foar de oarloch. Oars as it Deensk yn Sleeswyk-Holstein hie it Frysk minder finansjele mooglikheden. Ut Denemark wei kaam foar it Deensk yn Sleeswyk-Holstein wol jild binnen, mar troch it ûntbrekken fan in Fryske naasje wienen dy jildstreamen der foar it Frysk yn Sleeswyk-Holstein net. Pas yn de santiger jierren krige it Frysk yn it ûnderwiis wat mear omtinken en der waard der jild frijmakke foar de learareoplieding Frysk. Dêrtroch kaam it Frysk ûnderwiis yn de jierren tachtich aardich op gong. Sa wienen der yn it skoaljier 1986/1987 wienen goed 1.000 learlingen dy't Fryske les krigen. Dêrfoar wienen der 20 learkrêften op 27 skoallen oan it wurk dy’t sawol op de fêstewâl as op de eilannen stienen.
Sitewaasje yn Noardfryslân sûnt 1990/1991
bewurkje seksjeJier | Tal learlingen |
---|---|
1990/91 | 1000 |
1999/00 | 1261 |
2002/03 | 1473 |
2005/06 | 1455 |
2006/07 | 1231 |
2009/10 | 902 |
2010/11 | 857 |
2011/12 | 934 |
2012/13 | 802 |
2013/14 | 878 |
2014/15 | 911 |
2015/16 | 979 |
2016/17 | 834 |
2017/18 | ? |
2018/19 | 760 |
2019/20 | 846 |
Yn it skoaljier 2011/2012 krigen 934 learlingen op 16 skoallen Fryske les. Binnen it Noardfryske taalgebiet giet it dan om in mearderheid fan alle basisskoallen. Yn it fuortset ûnderwiis is it plak fan it Frysk dúdlik lytser. Net elke skoalle yn it fuortset ûnderwiis docht wat mei it Frysk, en as der al mooglikheden is it in karfak. Yn it folwoeksenen-ûnderwiis wurde allinnich kursussen jûn. It iennichste gymnasium yn Noardfryslân dat wat mei it Frysk docht is yn it plak Wyk op it eilân Feer.[2] Dêr slaggen yn 2012 foar it earst twa learlingen mei in mûnlinge toets foar it Abitur.[3] Yn de njoggentiger jierren kaam it Frysk op de Noardfryske pjutteboartersplakken, benammen op plakken dêr’t de posysje fan de Fryske taal faai stie. Oan de universiteiten fan Flensboarch en Kiel waard de mooglikheid jûn om it Frysk as byfak te nimmen of om dêr as dosint sertifikaten yn te heljen. Ferskate skoallen yn Noardfryslân, dy’t Frysk ûnderwiis jouwe, hawwe in Fryske namme lykas de 'Eilun Feer Skuul' op Feer, de 'Öömrang Skuul' op Amrum en de Deensk-Fryske 'Risem Schölj' yn Risem-Lonham. De 'Risem Schölj' brûkt it Frysk boppedat ek as ynstruksjetaal.
Hjoeddeistige sitewaasje yn Sealterlân
bewurkje seksjeKrekt as de skoallen yn Noardfryslân krige it Sealterfrysk fanâlds gjin omtinken yn it ûnderwiis. Al in jiermannich bestiet it Sealterfrysk as karfak. Yn 2009 wienen der meiïnoar sa’n 300 bern dy’t it Sealterfrysk op skoalle krigen (2009).[4] Yn 2012 begûnen de basisskoallen fan Strukelje en Skäddel mei in nij skoalprojekt dêr't it Sealterfrysk net allinnich mear as fak jûn waard, mar ek as ynstruksjetaal by oare fakken.[5]
Literatuer
bewurkje seksje- Edmund Pech: Ein Staat – eine Sprache? Utjouwerij Domowina, Bautzen/Budyšin 2012, ISBN 978-3-7420-2231-8.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Berjocht oer it Sealterfrysk by NDR
- Berjocht oer it Sealterfrysk op skoalle by NWZ
- Folder fan it Distrikt Noardfryslân (dêr't ynformaasje oer it Frysk ûnderwiis yn te lêzen stiet)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|