Frysk Ridend Autobusmuseum

It Frysk Ridend Autobusmuseum is in museum oan de Tussendiepen yn Drachten, gemeente Smellingerlân, stichte troch Jan Hofstra.

Yn 1981 kaam in Switserske 'noasbus' yn Drachten (Saurer), kocht fan it Switserske leger. Yn 1970 gienen de Switserske sjassyfabriken Berna, FBW en Saurer mei Mersedes fierder ûnder de namme NAW. Geandewei kamen der mear oldtimerbussen by. Om se te ûnderhâlden en bewarjen waard yn 1991 it Ridend Autobusmuseum iepene. Benammen it ride litten fan de bussen stiet foarop, omdat sa de sfear fen eartiids better oan te fielen is. De 15 Switserske oldtimerbussen ride ek wol nei it bûtenlân en jouwe in moai oersjoch fan de ûntwikkeling fan de Switserske busbou fanôf 1930, 1937, 1949, de fyftiger jierren oant en mei 1968. Sa is der net allinnich de ferneamde Alpenwein IIIa (hjir te sjen), mar ek tige modern eagjende frontstjoerbus út 1968 dy't op de Europaline riden hat. Fierder in persoanenoanhinger, de foarrinder fan de gelede bus en inkele bagaazjeweintsjes om de post te ferfieren.

De bussen wurde ferhierd oan selskippen en foar bepaalde gelegenheden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: