Frysk Skaakbûn
It Frysk Skaakbûn (offisjeel Friese Schaakbond) is in by de KNSB oansletten skaakbûn dat skaakaktiviteiten yn Fryslân koördinearret. It bûn waard oprjochte yn 1905[1] en organisearret alle jierren in teamkompetysje mei as heechste klasse de promoasjeklasse wêryn't acht achttallen in heale kompetysje spylje dat 1 x tsjininoar útkomme. De kampioen fan de promoasjeklasse krijt de titel 'Clubkampioen fan de Friese Schaakbond' en hat it rjocht te promovearjen nei de tredde klasse fan de KNSB-kompetysje. Under de promoasjeklasse wurdt spile yn de 1e klasse, de 2e klassen A en B, de 3e klassen A en B, de 4e klasse en de 5e klassen A en B.
It bûn organisearret alle maitiden in toernoai om it persoanlik kampioenskip.
Keppelingen om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |