Frysk op tillefoanen

Oangeande it Frysk op tillefoanen lit ûndersyk út 2014 fan de Fryske Akademy lit, dat it tal Frysk skriuwers ûnder de jongerein op sosjale media fluch tanimt. Wol jout it oanbringen fan de diakriten - de kapkes en de streekjes - foar in soad fan dy Frysk skriuwers argewaasje.

Taastskerm fan in tûke tillefoan

Kapkes en streekjes

bewurkje seksje

Om op smartphones lêstekens yn in Fryske tekst oan te bringen, moatte jo de letter dêr't jo in lêsteken mei kombinearje wolle langer 'fêsthâlde'. Sa hâlde jo bygelyks de 'E' fan it taastskerm langer fêst en dan komt der in karmenu op it skerm mei kombinaasjes fan ferskate lêstekens mei dy 'E'. Sa'n kar meitsje jo troch jo finger der nei ta te slepen en dan it taastskerm los te litten. Soks wurket bygelyks ek mei tekens as . ? ! ' € en ". Sokke 'taastbuordsjes' tille op fan de mooglikheden.