Fryske Boekewiken
De Fryske Boekewiken waard fan 2004 oantemei 2009 organisearre troch It Fryske Boek.
It barren waard ein febrewaris en bejin maart organisearre, mei de opset dat oeral yn Fryslân literêre eveneminten hâlde wurde soenen, troch lêsgroepen, bibleteken en oaren. It begjin wie it Fryske Boekebal. Alle jierren waard it Boekenijs útjûn, in oersjoch fan nije Fryske boeken. Under de Fryske Boekewiken wie der in Frysk Boekewikegeskink foar de keapers fan in Frysk boek. De Fryske Boekewiken wienen yn it stee kaam fan de eardere Fryske Boekewike.