Fryske Feriening foar Fjildbiology
De Fryske Feriening foar Fjildbiology (FFF) is in feriening fan frijwilligers dy't natuerwittenskiplike feiten sammelet om in natuerlike floara en fauna mooglik te meitsjen.
De feriening is ûntstien út in waadfûgelwurkgroep. Doe't de Hollânske ynfloed guon te grut waard is yn 1972 in Fryske waadfûgelgroep oprjochte. Oan it BFVW waarden meiwurkers frege, mar dy feriening wie it mear om it sykjen fan aaien te dwaan. Dochs kamen der mear fûgeltellers by. Omdat de BFVW net meiwurkje woe, waard yn novimber 1976 de FFF oprjochte. Om de BFVW net yn 'e wei te sitten beheind de feriening him ta it tellen fan fûgels.
De frijwilligers binne aktyf yn 'planteferbân' foar it tellen fan planten, yn 'fûgelferbân' en yn in ferbân mei 'oare bisten'. It binne allegear leafhawwers dy't harren ferbûn fiele mei de natuer, faak autodidakt, mar selden wittenskipper.
De resultaten fan de tellingen wurde trochjûn oan lanlike organisaasjes as SOVO en FLORON. Ek provinsjes en beliedsmakkers meitsje gauris gebrûk fan de tellingen. Der wurde ek lêzings jûn troch de leden oer fûgel- , plant- en moasûndersyk.