De Fryske Miljeurie koördinearret en stimulearret it wurk fan net-amtlike organisaasjes foar natoerbehâld en miljeubehear.

Oprjochte yn 1971, nei it mislearre ferset fan inkele natoerbeskermingsorganisaasjes ôfsûnderlik tsjin de bou fan de PEB-sintrale oan de Burgumer Mar. Oansluten binne it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, It Fryske Gea, Feriening Miljeubehear Noard-Nederlân, IVN, KNNV, NJN, distrikt Fryslân fan it Algemien Angelders Bûn (Federaasje Fryslân fan de Sportfiskers Feriening), Ken. Nederlânske Jagersferiening, it Frysk Natoerhistoarysk museum, Feriening ta behâld fan de Waadsee, NIVON, Gewaaks- en Miljeubeskerming, Feriening ta Behâld fan Natoermonuminten.

De Fryske Miljeurie is oansluten by de lanlike oerkoepeljende organisaasje Natoer en Miljeu yn Amsterdam. Nettsjinsteande dat alle wurk jierrenlang sûnder subsydzje troch frijwilligers dien waard, wêrby't de meiwurking fan oansluten organisaasjes noch net optimaal wie, is der in soad dien. Fierwei de measte aktiviteiten lizze op it mêd fan begelieden fan de oerheid by it ûntwerpen fan bestimmingsplannen, ruilferkaveling, wegenplannen ensfh.

De meast oansprekkende aksje wie dy yn 1973 om de bou fan in motel by de Hearrensyl by Terherne te kearen. Dêrby waard f 21000,- ynsamle dat brûkt waard foar de oankeap fan de grûn by de Hearrensyl troch It Fryske Gea. Begjin 1975 koe troch provinsjale subsydzje in fêste krêft oansteld wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: