RKVV (Rooms-Katholieke Voetbal Vereniging) is de roomske fuotbalklup fan Bakhuzen. De Bakhústers hienen yn de Earste Wrâldoarloch Belgyske soldaten fuotbaljen sjoen en sa ûntstienen plannen foar in eigen fuotbalklup. De feriening is oprjochte op 1 jannewaris 1923.

Earst waard spile op in fjildsje yn de Witteburch, ein 1923 gie men nei in fjildsje efter filla "Rijsterbosch". Op 5 augustus krige de klup de namme BVC. Letter waard it fjild ferhuze nei Bakhuzen. Yn it seizoen 1937/1938 waard in tribune boud, mar dy moast fan de Dútsers wer ôfbrutsen wurde.

Op 1 augustus 1945 waard de klup nij oprjochte. Doe waard ek it noch besteande tenu keazen: giel-blau shirt, swart broekje en blauwe sokken. Op 8 novimber 1969 kaam der ek in nij klupgebou.

Yn 2008 wiene der wer plannen foar in nij klubgebou.

De feriening hat 3 senioareteams, in A-, in E- en in C-junioareteam en twa F-pupillen.

Keppeling om utens bewurkje seksje