Fuotbalferiening Blue Boys
VV Blue Boys is de fuotbalklup fan Nij Beets. De feriening is oprjochte op 1 juny 1930 ûnder de namme DAS (Doe Aan Sport) mar feroare yn 1931 yn V.I.O.S. (Voorwaarts Is Ons Streven). By de oergong fan de FVB nei de KNVB bliek dat der yn De Haach al in klup wie mei de namme VIOS en waard de namme feroare yn Blue Boys. De fjilden lizze oan de Prikkewei.
Yn 1980 waard de sneonôfdieling oprjochte dy't yn 2008 yn de 4e klasse B spilet. Yn 2004 kaam der ek in damesalvetal.