RES is in fuotbalklup út Boalsert. De oprjochting fan Rjucht en Sljucht (in ferwizing nei de tekst fan Boalserter skriuwer Gysbert Japicx) wie op 1 july 1936.

De feriening hat 4 senioareteams op de snein, 1 senioareteam op de sneon, 2 B-junioareteams, 1 C-junioareteam, 4 D-pupilleteams, 4 E-pupilleteams en 3 F-pupilleteams (2008). RES hat ek noch 6 futsal teams.

Der wurdt spile op sportpark It Bolwurk oan it Bolwurkplein. It kluphûs hjit 't RES-Honk.

  • Tenu: wyt shirt mei blauwe baan, wite broek en blauwe sokken

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Dit artikel is in stobbe oer sportferiening‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.