Fuotbalferiening Read Swart
Fuotbalferiening Read Swart is in fuotbalklup út De Knipe wei, offisjeel oprjochte yn 1929. Yn it streekdoarp wiene al fan 1920 ôf ferskate foarrinners aktyf. Read Swart hat yn trochsneed sa'n 20 fuotbalteams. It earste alvetal spilet benammen de lêste desennia yn de fjirde klasse fan it KNFB. Fan 1991 ôf oant 1994 spile it earste yn de tredde klasse, oant 2003 yn 'e fjirde, degradearre doe, promovearre in jier letter, om dêrnei yn 2009 wer te degradearjen nei de fiifde klasse ta.
De feriening Read-Swart stiet bekend troch it op syn iepenst wêzen fan ûntwikkelingen. Sa binne der spesjale pupillen-alvetallen, sûnt pupillen-alvetallen by it KNFB yn kompetysjeferbân fuotbalje. (likernôch 1970). De klup wie ien fan de earsten mei F-pupillen (6,7 en 8 jierrigen) en ien fan de earsten mei de H-fuotbal ((kabouter-fuotbal, foar bern jonger as 6 jier). Der wurdt sûnt de midden jierren santich oan sealfuotbal dien en fan begjin jierren tachtich ôf binne der trochgeand froulju's- en famkes-alvetallen.
Yn 2006 foltôge Read-Swart in privatisearringsplan: de klup naam it ûnderhâld oer fan de gemeente, en koe dêrtroch nijbou dwaan. it kluphûs renovearje en alle besteande gebouwen yn eigendom oernimme.
Tenu: shirt: swart/reade fertikale streken, swarte broek en swarte sokken.