Fuotgongerstunnel

In fuotgongerstunnel is in tunnel dy't inkeld troch fuotgongers brûkt wurde mei.[1]

Soksoarte tunnels wurde soms tydlik oanlein by bouwurksumheden, mar ek foar altyd. De tunnel wurdt oanlein parallel oan autotunnels, by guon grutte wegekrúspunten yn de stêd, as ûndertrochgong by in snelwei, mar ek as spoarûndertrochgong.

Soms feroaret de funksje en wurdt in oarspronklik oanleine fuotgongerstunnel brûkt foar sawol fuotgongers as fytsers. In bekende fuotgongerstunnel dêr't sûnt 1995 ek fytsers gebrûk fan meitsje meie is de Sint-Annatunnel yn Antwerpen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: