Futoshiky
Wylst de populêrens fan de Sudoku noch altyd oanhâldt komt der wer in nije harsenskrabber by. Futoshiky betsjut letterlik: net gelyk. Betingst foar in ynternasjonale puzel is dat it simpel wêze moat. De spulrigels moatte foar eltsenien te begripen wêze en de taal mei dêrby gjin behinderings opsmite. De Futoshiky foldocht hjir hielendal oan.
Dizze siferpuzel bestiet út in ienfâldich patroan dêr't sifers yn setten wurde moatte neffens in pear ienfâldige spulregels. De sifers 1 o/m 5 meie yn eltse rige en kolom mar ien kear foar komme. Wiskundige symboalen foar grutter as (>) en lytser as (<) jouwe oanwizings foar it sifer dat yn it neistlizzende fakje setten wurde moat. De Futoshiky dûkte yn 2001 op as ien fan de puzels dy't it sukses fan de sudoku benei besochten te kommen. Yn Japan is de puzel ûnderwilens krektlike populêr as de Sudoku. Yn Ingelân hie de Ingelske krante 'The Guardian' yn oktober 2006 de primeur.