Gabon (rivier)
De Gabon of it Gabon-estuarium is in koart, mar breed estuarium yn it westen fan Gabon. De haadstêd Libreville hat in grutte haven oan de noardouwer fan it estuarium dêr't ek de rivieren de Komo en de Ebe har wetter yn losse. It estuarium komt út yn de Golf fan Guinee. It estuarium wurdt pleatslik Estuaire du Gabon neamd.