Gabriël fan Białystok

De hillige Gabriël fan Białystok (Poalsk: St. Gabriel Białostocki, Russysk: Гавриил Белостокский - Gavriil Belostokski) of Gabriël fan Zabłudów (Poalsk: Gabriel Zabłudowski), berne op 2 april 1684 - ferstoarn op 20 april 1690, is in hillige fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Gabriël kaam troch moard om it libben en al gau waard in lokale joadske pachter fan de moard beskuldige, dy't letter frijsprutsen waard. Yn lettere ferhalen en publikaasjes oer it libben fan Gabriël bleau lykwols de oertsjûging oerein dat de joad in ein makke hie oan it jonge libben fan Gabriël en dat Gabriël it slachtoffer woarn wie fan in troch joaden úfierde rituele moard. Gabriël wurdt betocht op 3 maaie (20 april juliaanske kalinder).

Gabriël fan Białystok
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1684
stjerdatum 1690
hillichferklearring
hillich ferkl. 1820
fereare troch Russysk-Otterdokse Tsjerke
hjeldei 3 maaie
hillichdom Nikolaaskatedraal, Białystok
patroan fan wurdt oanroppen foar genêzing fan sike bern

Neffens dokuminten fan it doedestiidske Trijeienheidskleaster yn Slûtsk (Wyt-Ruslân) waard Gabriël yn 1684 berne yn it doarpke Zwierki yn de omkriten fan de stêd Zabłudów, yn wat doe it Poalsk-Litouske Mienebest wie. Neffens de tradysje waard Gabriël troch in joad, in pachter út dat doarp, ûntfierd nei Białystok. Dêr waard de jonge bewurke mei skerpe punten om him sa njoggen dagen lang dea bliede te litten. Neffens it bloedmearke hawwe joaden it bloed nedich om dêr de peaskebôle yn te bakken. Gabriël waard nei dy njoggen dagen foar de wylde fûgels yn in fjild by Zwierki efterlitten en troch syn otterdokse âlders werom fûn, dy't him begroeven yn syn berteplak. Neffens de hagiografy hiene hûnen op it lichem fan de jonge past, dy't de pikkende rôffûgels fuortjoegen.

 
Skryn fan Gabriël yn de Nikolaaskatedraal fan Białystok

Der folge in ûndersyk nei de tadracht fan de moard en as belangrykse fertochte waard de joadske pachter Zjid Sjûtko oppakt, mar dy waard fan de oanklacht frijsprutsen.

Yn 1720 hearske yn it gebiet in epidemy en in soad bern ferstoaren oan de sykte. Doe't by ien fan de begraffenissen by ûngelok it grêf fan Gabriël iepene waard, ûntdieken se dat it lichem noch jimmeroan yntakt wie. Dat makke grutte yndruk en droech by oan in fierdere fersprieding fan de ferearing fan Gabriël yn de kontrijen. It lichem fan Gabriël ferhûze nei de krypte fan de tsjerke yn Zwierki. Dy tsjerke baarnde yn 1746 ôf, mar it omskot fan it bern waard by dy brân net ferneatige. Neffens de hilligenbeskriuwing wie allinne de hân fan de jonge oantaast en op wûnderlike wize genêsde dy wer nei't it lichem nei it kleaster yn Zabłudów oerbrocht waard.

Yn 1820, doe't de tradysje fan de ferearing al hûndert jier bestie, waard Gabriël offisjeel hillich ferklearre troch Gregoarius V fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel. Yn 1885 ferskynde fan de metropolyt fan Tsjernihiv in samling fan beskriuwings fan russysk-otterdokse hilligen. Under de hilligen wie ek in beskriuwing fan Gabriël en by de tekst waard in ôfbyld printe fan in krusige Gabriël.

Nei 1918 rekke de ferearing fan Gabriël wat yn it neigean. De reliken fan Gabriël yn de rin fan de tiid nei Minsk (Museum fan Ateisme), nei Grodno en Moskou en yn de jierren 1990 kamen se werom yn Białystok, dêr't se tsjintwurdich noch altiten binne.

De kultus libbe oan it ein fan de 20e iuw wer op troch it krewearjen fan de biskop fan it otterdokse bisdom Białystok-Gdańsk. De belangrykste sintra fan ferearing binne Białystok, dêr't sunt 1992 syn reliken yn de Nikolaaskatedraal lizze, en it Marije-Bertekleaster yn Zwierki.

 
Yllustraasje fan Gabriël fan Fedor Solntsev yn in útjefte oer russysk-otterdokse hilligen (1885)

Strideraasje

bewurkje seksje

De ferearing fan Gabriël wurdt benammen yn Wyt-Ruslân belibbe; neffens in soad Wyt-Russyske histoarisy is Białystok etnysk besibbe oan Wyt-Ruslân. De namme Gabriël komt dêrom altiten op alle listen fan Wyt-Russyske hilligen foar.

Op 27 july 1997 stjoerde de Wyt-Russyske tillevyzje in dokumintêre út mei de strekking dat Gabriël troch in rituele moard om it libben brocht wie. Dat waard yn rapporten fan it Amerikaanske kongres oer antysemitisme it skeinen fan religieuze frijheden neamd. Dy rapporten waarden oerdroegen oan de UNHCR. Leonid Stonov, foarsitter fan de Amearikaanske Organisaasje fan Joaden fan de eardere Sovjet-Uny, skreau in brief oan presidint Aleksandr Lûkasjenko en de direkteur fan de Wyt-Russyske omrop om syn soargen út te drukken oer de fijannige hâlding fan joaden oer en neamde de kultus fan Gabriël absurd.

In stúdzje oer Gabriël yn deselde tiid makke oan de oare kant dúdlik dat it grutste diel fan de joadske befolking net op de hichte is mei de kultus fan Gabriël fan Białystok. By it hearren derfan neame de joadske ynterviewers it in manifestaasje fan antysemitisme, mar tagelyk ferklearren alle joadske dielnimmers nea lest hân te hawwen fan diskriminaasje op basis fan de ferearing fan Gabriël fan Białystok. Ut it ûndersyk die ek bliken dat in grut diel fan de otterdokse befolking net wist fan it bestean fan sa'n hillige. Guon hiene der wol wat oer heard, mar ûntholden it ferhaal fierder net. De measten dy't in miening joegen, beskôgen de moard op Gabriël as fiksje of as in unike, op himsels steande saak. Gjinien fan de ûnderfrege otterdokse minsken seine te leauwen yn it bestean fan rituele moarden yn it joadendom.

Op de offisjele side fan de Wyt-Russysk otterdokse tsjerke wurdt in artikel oer Gabriël wijd. De otterdokse tsjerke heakket dêr oan ta dat er him bewust is fan it feit dat bloedsmaad al lang in oanlieding west hat foar politike yntriges en spekulaasjes om oanhingers fan it joadske leauwe te ferfolgjen. Op de side stiet ek dat foar joaden, dy't de wetten fan Moazes strikt folgje, bloed ritueel like ûnrein is as foar kristenen. De moard op Gabriël wurdt neffens de side ek net taskreaun oan de joaden yn it algemien, mar oan in joadske sekte fan fanatike fanatisy.[1]

Der is tsjintwurdich in frij grut tal ikoanen fan Gabriël fan Białystok bekend. Op ikoanen wurdt Gabriël yn 'e regel ôfbylde mei de hannen kruslings oer it krús of mei in krús yn syn hannen. Hy is yn ienfâldige, wite klean klaaid, omgurde mei in koarde en draacht gjin skuon. Somtiden wurdt er lykwols ek ôfbylde op de wize werop't Gabriël neffens de tradysje fermoarde is: hingjend oan in krús, mei oan syn fuotten in foerbak om it bloed op te fangen en it reau dêr't er mei tamtearre is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: