Marius

(Trochferwiisd fan Gaius Marius)

Marius folút Gajus Marius (157 f.Kr.13 jannewaris 86 f.Kr.) wie in Romeinske generaal en politikus. As ien fan Rome's bêste generaals heart hy thús yn de rige Skipio, Sulla, Germanikus en Julius Agrikola. Hy is foaral bekend wurden as herfoarmer fan it Romeinske leger.

Saneamde buste fan Marius

Marius wie ôfkomstich út in begoedige famylje út de omkriten fan Picenum yn Itaalje. Hy waard berne yn it stedsje Cereatae, tichtby Arpinum. Alhoewol't hy gjin patrysjer wie, slagge hy deryn om fia it Romeinske leger opgong te meitsjen yn de polityk.

Militêre súksessen

bewurkje seksje

Hy is benammen bekend troch syn oerwinning op de Numidyske kening Jugurtha yn 109 f.Kr. en troch syn oerwinning op de Teutoanen, Kimbren en Ambroanen yn de slach by Akwuae Sekstiae (Aix-en-Provence) yn 102 f.Kr. Foar dizze kriich waard Marius tsjin alle gewoanten en foarskriften yn fan 104 oant 100 f.Kr. ta konsul fan Rome keazen.

It Romeinske leger

bewurkje seksje

As generaal soarge Marius foar yngripende feroarings yn it Romeinske leger, ûnder oaren troch de ynfiering fan in beropsleger (dêr't ek plak wie foar de allerearmste boargers), it opnij besjen fan de opbou fan de legerienheden en it fergrutsjen fan de promoasjemooglikheden foar soldaten dy't har ûnderskiede fan oaren (foar dy tiid wie it regel dat ofsieren benammen beneamd waarden op basis fan harren polityke relaasjes).

De ynstelling fan in beropsleger soe der ta liede dat de soldaten foaral loyaal wurde soenen oan harren generaal ynstee fan de steat. Yn letter tiden hat dizze feroaring in krusiale rol spile yn de Romeinske skiednis. It soe der ta liede dat generaals harren politike aspiraasjes mei geweld besochten op te lizzen. De oankommende iuw wie dan ek faak it toaniel fan oarloggen tusken Romeinen ûnderinoar.

Marius hat mei-inoar sân kear konsul west. Alhoewol't hy troch syn militêre súksessen populêr wie by it folk, wie hy dat net yn de polityk. Op 'e ein fan syn libben wie Marius in ferbittere man, dy't diktatoriale trekken fertoande. Hy ferstoarn yn de âldens fan 86 jier.

Keppeling om utens

bewurkje seksje