Galapagoseilannen

(Trochferwiisd fan Galápagoseilannen)

De Galapagoseilannen (yn 't koart Galapagos, Spaansk: Islas Galápagos, offisjeel Archipiélago de Colón) is in arsjipel op de hichte fan de evener yn de Stille Oseaan. De eilannen lizze sa'n 1000 km út de westkust fan Súd-Amearika en hearre steatkundich ta Ekwador. De Galapagoseilannen en de omlizzende wetters foarmje sûnt 1959 in nasjonaal park, it Nasjonaal Park de Galapagoseilannen.

Scalesia pedunculata op Santa Cruz
Lizzing fan de Galapogoseilannen
Detailkaart fan de arsjipel

De eilannen binne geologysk besjoen tige jong: inkeld mar miljoenen jierren. Se binne fan fulkanyske oarsprong. Der komme in soad unike bisten en planten foar, dy't it eilân faak ferskillende soarten foarme hawwe.

Statistyske gegevens

bewurkje seksje
  • Ynwenners: 26.640 (2012)
  • Oerflak: totale lânoerflak om de 7880 km² (13 eilannen binne grutter as 10 km² en 115 lytsere)
  • Heechste punt: 1707 m

Wichtichste eilannen yn folchoarder fan ôfnimmende grutte

bewurkje seksje

It nije, enerzjyneutrale fleanfjild Aeropuerto Seymour op it eilân Baltra draait folslein op sinne- en wynenerzjy. Boppedat is it gebou foar 80% makke út materiaal fan it âlde fleanfjild.[1]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. This airport runs on wind CNN, 4 augustus 2015