Gale Hamkes
Gale Hamkes wie kommandeur op de walfiskfarder ‘de Oranjeboom’ út Harns. Hy skynt yn Starum wenne te hawwen, hy wurdt yn 1663 neamd by de froedskipsleden. Syn foarâlden wennen nei alle gedachten op Galamastins by Riis (Bakhuzen). Yn dat gefal soed er ta it âlde geslacht fan de Galama's heard hawwe.
Op 24 maaie 1639 rêde hy op 78° N.B., by Spitsbergen, de 20 oerbleaune manskippen (fan de 86) fan de ferûngelokke Hoarnske walfiskfarder ‘Spitsbergen’ fan kommandeur Dirck Albertsz. Raven. Yn 1648 waard hjiroer in ferhaal útjûn.
Yn 1670 ûntdiek er op 74° in letter nei him neamde baai oan de eastkust fan Grienlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|