Galigahûs
It Galigahûs is in eardere stins yn de binnenstêd fan Snits.
Oer het gebou is net folle bekend. By archeologysk undersyk yn 1999 binne balken fûn dy't komme út de 12e en 14e iuw. Dizze peallen binne grif de fundearingspeallen fan de stins. Yn 1955 waard op dizze lokaasje ek al in kanne fol sulveren munten fûn, dizze muntskat is dêr om 1425 ferburgen.
De stins op dizze lokaasje is tusken 1616 en 1664 sloopt. Dit falt op te meitsjen út it feit dat it gebou op in kaart út it earst neamde jiertal stiet, mar op in lettere tekening ûntbrekt.
It gebou waard bewenne troch it laach Galiga. Dit laach is lykwols al foar de 15e iuw út Snits ferdwûn. No besteane yn Snits noch de Galigastrjitte en de Galigapromenade, dy't neamd binne nei de eardere bewenners.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |