De Gallehus-hoarnen wienen de twa gouden hoarnen dy't yn 1639 en 1734 fûn waarden by Gallehus yn súdlik Jutlân, yn Denemark.

Kopie fan de Gouden Hoarnen útstalt yn it Nasjonaal museum fan Denemarken
Joachim Richard Paulli syn tekening fan de koarte hoarn en syn runeynskripsje

De hoarnen stammen út de 5e iuw. De earste hoarn wie 87 sm lang en wie 3,2 kg, de twadde wie 55 sm en 3,7 kg. De twadde hie langer as dat west, mar de útein wie al earder opploege en wie omraand. Nei de fynsten kamen de hoarnen yn besit fan de kening, en se waarden útstald yn Det kongelige Kunstkammer. Op 4 maaie 1802 binne de hoarnen stellen troch goudsmid Niels Heidenreich, en eardat er oanholden waard hat er de hoarnen nei alle gedachten omraand om mei it goud munten en sieraden te meitsjen.

De hoarnen hienen motiven fan dieren en jagers. De hoarn dy't yn 1734 fûn wie hie ek in Germaanske ynskripsje, skreaun yn runeskrift.

Yn runen stie der:

ᛖᚲ ᚺᛚᛖᚹᚨᚷᚨᛊᛏᛁᛉ ᚺᛟᛚᛏᛁᛃᚨᛉ ᚺᛟᚱᚾᚨ ᛏᚨᚹᛁᛞᛟ

Yn Latynsk skrift wurdt dat: "ek hlewagastiR holtijaR horna tawido" (de letter ‘R’ stiet foar de efter yn ’e kiel útsprutsen r). Dy tekst soe betsjutte kinne: “Ik, HlewagastiR, soan fan Holt, haw de hoarn makke”; ferlykje tawido mei it Fryske foltôge. Mar it soe ek “Ik, HlewagastiR, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd” wêze kinne; ferlykje tawido mei it Fryske toaid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: