Gandalf Award
De Gandalf Awards wiene in pear Amerikaanske prizen dy't fan 1974 oant 1981 jierliks útrikt waarden foar treflike prestaasjes op it mêd fan fantasyliteratuer. Se wiene ferneamd nei de tsjoender Gandalf, út Tolkien syn magnum opus The Lord of the Rings. De Gandalf Awards waarden oprjochte en finansjeel ûnderstipe troch de Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en resinsint Lin Carter en de Swordsmen and Sorcerers' Guild of America (SAGA), in feriening fan fantasyskriuwers. Winners waarden útornearre troch in stimming ûnder dielnimmers oan 'e World Science Fiction Convention. Der wiene twa kategoryen: de Gandalf Award foar grutmasterskip fan fantasy en de Gandalf Award foar fantasy fan romanlingte. De lêste dêrfan waard mar twa kear tawiisd.
Gandalf Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | fantasyliteratuer | |
útrikt troch | World Science Fiction Convention | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 1974 | |
opheft | 1981 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Winners
bewurkje seksjeWinners fan 'e Gandalf Award foar grutmasterskip fan fantasy wiene:
- 1974: J.R.R. Tolkien
- 1975: Fritz Leiber
- 1976: L. Sprague de Camp
- 1977: Andre Norton
- 1978: Poul Anderson
- 1979: Ursula K. Le Guin
- 1980: Ray Bradbury
- 1981: C.L. Moore
Winners fan 'e Gandalf Award foar fantasy fan romanlingte wiene:
- 1978: The Silmarillion, troch J.R.R. Tolkien (û. red. f. Christopher Tolkien)
- 1979: The White Dragon, troch Anne McCaffrey
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |