Gauke Loopstra (Ljouwert, 19 augustus 1925Swol, 31 oktober 2000) wie in Nederlânske boargemaster.

G. Loopstra (1971)

Loopstra studearre nei syn middelbere skoaloplieding Rjochten yn Leien, in stúdzje dy't hy ûnderbrekke moast fanwege de Twadde Wrâldoarloch, syn militêre tsjinst en in lang ferbliuw yn Yndoneezje. Yn 1953 helle hy dochs noch syn masterstitel en kaam yn tsjinst by de gemeente Ljouwert en dêrnei de gemeente Eaststellingwerf.
Fan 1957 oant en mei 1962 wie hy boargemaster fan de gemeente Finsterwolde, fan 1962 oant en mei 1973 boargemaster fan de gemeente Vlagtwedde, fan 1973 oant en mei 1980 boargemaster fan de Noardeastpolder en fan 1980 oant en mei 1990 boargemaster fan Swol. Nei it beëinigjen fan it boargemasterskip fan Swol wie hy noch koarte tiid waarnimmend boargemaster fan Iselham.

Militêr oefenterrein in East-Grinslân

bewurkje seksje

Yn 1971 rûnen de emoasjes yn de gemeente Vlagtwedde heech op nei oanlieding fan de plannen om in militêr oefenterrein yn East-Grinslân oan te lizzen. Loopstra, dy't in foarstanner fan it plan wie, waard mei de dea bedrige en moast ûnder plysjebegelieding, nei ôfrin fan de riedsgearkomst, nei hûs ta brocht wurde. Al rillegau ferruile er yn 1973 it boargemastersamt yn Vlagtwedde foar de Noardeastpolder. Dat de saak gefoelich lei yn Vlagtwedde die bliken út it feit, dat trije riedsleden wegeren om by syn ôfskiedsgearkomst te wêzen.

Yn 1984 ferbea boargemaster G. Loopstra in oanstjit jouwend affysje op it raam fan de hal fan it stêdhûs foar de eksposysje "Homohaat en fascisme", ynrjochte yn de hal fan it stedhûs. De tentoanstelling wie makke by gelegenheid fan it Ynternasjonale Flikkerfestival op 23 juny 1984. It ferbod fan de boargemaster late ta lyts opskuor yn de parse.