In gearstalling of compositum is in wurd dat foarme is troch gearfoeging fan twa of mear op himselssteande wurden.

Dútsk is, krektas Frysk, in taal dêr 't in soad determinative gearstallings yn foarkomme. Hjirboppe it Dútske wurd foar 'rioelwettersuveringsynstallaasje'.

Yn morfologyske termen giet it om in gearfoeging fan twa of mear frije morfemen. Troch dit lêste skaaimerk ûnderskiede gearstallings har fan ôfliedings, wêryn ien fan de dielen fan de gearstalling – gjin frij mar in bûn morfeem is.