Geeske van de Molengraft

Geeske van de Molengraft (Eindhoven, 5 novimber 1977) is in byldzjend keunstner út Helmond.

Geeske van de Molengraft

Hja begûn nei har VWO-diploma oan in stúdzje fan de "Design Akademy" yn Eindhoven. Doe't dat net foldie folge se in oplieding reklame-, presintaasje- en kommunikaasjetechniken oan it St. Lukas yn Boxtel. Se studearre ôf yn de rjochting reklame en romtlike foarmjouwing.

Yn har frije tiid is se kreatyf dwaande mei skilderjen, tekenjen, fotografearjen, naaien, meubels opknappen en stilearen. Geeske wurket ek yn opdracht.

Har skildere portretten hawwe in grafysk karakter en binne oer it generaal tige kleurryk, mar de tekene portretten binne yn swart/wyt en tige realistysk.

By portretfoto's hâldt se fan 'tekene' gesichten en bern. By de lânskipsfoto's besiket hja it ljocht en de sfear fêst te lizzen. Ek by it oare fotowurk wurket se mei ljocht en skaad.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: