Geffen Award

De Geffen Awards binne in groep Israelyske literatuerprizen dy't ien kear yn 't jier útrikt wurde foar de as bêste beoardiele orizjinele wurken en oersettings yn it Hebriuwsk, dy't hearre ta de sjenres fan fantasy en science fiction. Dizze prizen wurde sûnt 1999 útrikt troch it Israelysk Genoatskip foar Science Fiction en Fantasy op syn jierlikse ICon Festival, dat yn it neijier yn Tel Aviv holden wurdt. De Geffen Awards binne ferneamd nei redakteur en oersetter Amos Geffen, dy't ien fan 'e oprjochters fan it genoatskip wie.

Geffen Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Israel.svg Israelysk
útrikt foar science fiction- en fantasyliteratuer
útrikt troch Israelysk Genoatskip foar Science
   Fiction en Fantasy
frekwinsje 1x jiers
datum septimber/oktober
plak Tel Aviv (Israel)
1e útrikking 1999
offisjele webside
geffen.sf-f.org.il

Kategoryen en winnersBewurkje

oarspronklike kategoryen
  • bêste oersette science fiction-boek (sûnt 1999)
  • bêste oersette fantasyboek (sûnt 1999)
letter tafoege
  • bêste oersette science fiction- of fantasyboek foar bern of jongfolwoeksenen (sûnt 2008)
  • bêste oersetting fan in science fiction- of fantasyboek (sûnt 2008; wurdt útrikt yn gearwurking mei de Israelyske Feriening fan Oersetters; hjirby giet de priis dus nei de oersetter en net, lykas by de beide oarspronklike kategoryen, nei de skriuwer)
  • bêste oarspronklike science fiction- of fantasyboek (sûnt 2003)
  • bêste oarspronklike koarte ferhaal fan 'e sjenres science fiction of fantasy (sûnt 2002)

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: