Gellius Hillama (Ljouwert, 15 desimber 1563 - dêre, 2 jannewaris 1626) wie in sekretaris, riedshear en diplmaat út Ljouwert.

Hy gie earst nei de Latynske skoalle yn Ljouwert, dêrnei dy yn Delft, dêr't Mr. Wijbrand fan Hallum destiids rektor wie. Nei de hegeskoallen fan Leien en yn Orleans gie er in skoft nei Denemark. Op 10 desimber 1585 waard hy as abbekaat by it Hof fan Fryslân ynskreaun en waard sekretaris fan de stêd Ljouwert. Op 8 april 1597 krige er syn oanstelling ta riedshear oan it Hof fan Fryslân. Dit stjoerde him yn 1600 nei De Haach ta om oan de Steaten-Generaal te freegjen om ‘de interpositie van de authoriteyt en souverayniteyt der Landen’ yn de gefaarlike twisten, dy't yn dy tiid Fryslân teisteren. Hy wurke ek mei oan de gearstalling fan de Lânsordonnânsje fan 1602. Mei Theodoretus Tiara waard er yn 1603 nei Emden roppen om oan it herstel fan de frede te wurkjen. Yn 1606 wie hy ôffurdige fan Fryslân by de Generaliteit en yn 1607 die hy mei oan de ûnderhannelings mei Spanje en yn 1609 oan it ta stân kommen fan it Tolvejierrich Bestân. Dominicus Baudius naam syn portret op in syn wurk oer it Bestân. Op 19 april 1609 joech hy fan it foarfallende in lang en breed ferslach en moanne syn lânslju ta moed en hoekhâlden. Noch datselde jier waard er kommissaris fan it Hof ta besljochting fan de rebûlje yn Ljouwert. Op 29 jannewaris 1610 waard him mei in soad oaren opdroegen om mei de Deputearren fan de Aartshartoggen Albertus en Isabella Clara Eugenia yn oerlis te gean oer in tal skelen, dy't fuortkamen út it Bestân fan 1609. Wyls wie hy yn 1605 ta kurator fan de Akademy yn Frjentsjer beneamd. Syn ienige dochter boaske mei de rjochtsgelearde Hector Bouricius. Syn portret is gravearre troch H. Hondius en komt foar op in sammelblêd troch in ûnbekend graveur.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • S. Amama - Oratio fan. habita in honorem Gellii Hillama (Fran. 1626);
  • In obitum G. Hillama liberorum et heredum lachrymae funebres (Fran. 1626);
  • Boeles - Frieslands Hoogeschool (Ljouwert, 1878) I, 221, II, 4;
  • Naamrol der Raden 's Hofs van Friesland, 31, 35;
  • Charterboek van Friesland IV, 963, 1138, V, 143 flg.;
  • Petri Cunaei Epistolae, 148, 150;
  • Winsemius - Chronyck van Vrieslandt, 764, 857, 889, 891;
  • Vriemoet- Athenae Frisiacae, XXXIX seq.;
  • Scheltema - Staatk. Nederland 1, 461;
  • G. de Wal - De claris Frisiae Jureconsultis Oratio, 11, Annot., 20, Add., 423;
  • J. Sickenga - Het Hof van Friesland gedurende de zeventiende eeuw (Leien 1869), 164; * System. Catalogu der Provincial Bibliotheek van Friesland V, 1853.