Gemaal Buma
Gemaal Buma is in gemaal yn Rutten by De Lemmer. It gemaal bemealt mei it gemaal Visseringen de lege ôfdieling fan de Noardeastpolder, mei in oerflakte fan 39.000 hektare. De rest fan de Noardeastpolder, 9.000 hektare, wurdt troch gemaal Smeenge bemeald. It gemaal hat 3 pompen dy't mei elkoar 1.800 m³ wetter weipompe kinne. It wetterpeil skilt hast 6 meter. It gemaalkompleks is fan 1939 - 1941 boud neffens ûntwerp fan Dirk Roosenburg. Op 7 jannewaris 1941 waard begûn mei de bemealing. Njonken it gemaal leit in slûs. Dy slûs is part fan it gemaalkompleks. It gemaal wurdt beheard troch wetterskip Zuiderzeeland.
It gemaal is ferneamd nei Age Buma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |