Gemeenten fan Sweden
De gemeenten fan Sweden (Sweedsk: Sveriges kommuner) foarmje de ûnderste bestjoerslaach fan it lân. Der binne yn totaal 290 gemeenten dy't ferantwurdlik binne foar in protte lokale saken lykas skoallen, helptsjinsten en romtlike oardening.
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/da/SWE-Map_Kommuner2007.svg/200px-SWE-Map_Kommuner2007.svg.png)
De gemeenten fan Sweden beslaan it folsleine grûngebiet fan it lân. Yn it tinbefolke noarden binne de gemeenten wat oerflak oanbelanget grutter as yn it suden.