Gento
Gento wie de tredde of fjirde, mar yn alle gefallen de jongste soan fan de Fandaalske kening Geiserik. Yn de âlde skriftlike boarne wurdt net in protte oer him rept. Hy wie marine-offisier ûnder syn heit en yn de striid tsjin de Byzantinen suksesfol. By in oanfal op in Byzantynske float yn 468 intere hy in oarlochsskip mei de Legaat Jehannes oan board. Hy ûnthjitte him in earfolle finzenskip, mar Jehannes beslute oars en sprong yn de see. Gento ferstoar yn de striid, foar it jier 477.
Gento hie minstens fjouwer bern, dêr't Guntamund en Trasamund kening fan de Fandalen waarden.
Literatuer
bewurkje seksje- Hermann Schreiber, de Goten: vorsten en vazallen, München 1979, blz. 158, 231-2, 237-8