George Schweigmann

Georgus Hermanus Josephus "George" Schweigmann (Snits, 7 novimber 1924Ljouwert, 18 oktober 2017) wie in Nederlânsk reedrider fan Frysk komôf.

George Schweigmann
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
echte namme Georgus Hermanus Josephus "George" Schweigmann
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 7 novimber 1924
berteplak Snits
stjerdatum 18 oktober 2017
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk

As toerrider ried Schweigmann fan de achtste Alvestêdetocht yn 1942 ôf acht Alvestêdetochten efterelkoar. Hy ried se allegearre út en is dêrmei meirekordhâlder mei (ûnder oaren) Klaas de Groot. By de tolfde Alvestêdetocht (1963) rekke Schweigmann ferwûne oan de knibbel troch in reed fan in oare rider en finishte nei it kramjen fan de wûn as lêste.

Hy wie teffens 25 jier lang bestjoerslid foar de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. Schweigmann stoar yn de âldens fan 92 jier oan in hertoanfal.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leeuwarder langebaanpionier George Schweigmann overleden, Leeuwarder Courant, 21 oktober 2017.