George Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

George Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert, 26 jannewaris 1766 - Bitgum, 23 septimber 1808) wie de ienige soan fan George Frederik en fan S.E. d'Aumale.

Hy folge syn heit yn 1783 op as grytman fan Menameradiel, wie lid fan de Steaten fan Fryslân en boaske op 7 septimber 1790 mei Juliana Agatha thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert, 27 maaie 1772, - dêre, 10 augustus 1843 ), dochter fan Wilco Holdinga Camstra thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, en fan Christina Geertruida Helena Meckema fan Burmania. Ut dit houlik kamen 11 bern.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: