Georgius Coopmans
Georgius Coopmans (Makkum, 27 juny 1717 - Frjentsjer, 30 maaie 1800) wie in medikus út Frjentsjer.
Libben en wurk
bewurkje seksjeYn Frjentsjer gied er nei de latynske skoalle en waard yn 1740 doktor yn de genêskunde oan de hegeskoalle dêre. Dêrnei folge er noch in jier lessen oan de universiteit Leien. Werom yn Frjentsjer waard er dokter.
Coopmans wie in fraachbeaken foar syn medyske studinten en skriuwer fan meardere wurken. Hy hie in soad niget oan de anatomy en lei him benammen ta op stúdzje fan it senuwstelsel.
Yn de âldens fan 80 jier waard er noch kurator fan de hegeskoalle.
Hy troude yn 1752 mei Johanna Wildschut, wêrby 't er in soan oansette, dêrnei yn 1755 mei Aurelia Fontein, de widdo fan Jacob Braam, dy 't him twa soannen skonk. Syn ôfbylding, nei in skilderij fan Willem Bartel van der Kooi, waard gravearre troch Lambert Antoine Claessens.
Syn hûs oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer út 1746 toant yn de gevel de kop fan Hippokrates en waard letter 't Coopmanshûs.
Wurk
bewurkje seksje- Neurologia et observatio de calculo, ex urethra excreto
- De nervorum anatome contracta, oersetting yn it latyn fan it wurk fan Alexander Monro I
- Yn de Acta eruditorum fan 1749 joech er in beskriuwing fan in besmetlike koarts, dy 't yn 1748 yn Fryslân hearske.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|