Gerard Johannes Nicolaus de Korte (Vianen, 13 juny 1955) is in Nederlânsk Roomsk-katalyk geastlike. Hy wie fan 2001 oant 2008 help-biskop fan Utert en dêrnei biskop fan Grins-Ljouwert.

Gerard de Korte
geastlike
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerard Johannes Nicolaas de Korte
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 juny 1955
berteplak Vianen
etnisiteit Nederlânsk
religy kristendom
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
wijings
ta diaken 10 jannewaris 1987
ta preester 5 septimber 1987
ta biskop 2 juny 2001
wapen
wurkpaad
1992-1999 rektor Ariënskonvikt
1999-2005 deken Sallân
2001-2008 helpbiskop Utert
2008-2016 biskop Grins-Ljouwert
2016 biskop De Bosk

De Korte krige syn prysterwijing op 5 septimber 1987 troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert. Hy waard 11 april 2001 ta helpbiskop fan Utert beneamd en titulêr biskop fan Caesarea in Mauretania. 2 juni 2001 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, mei Johannes Gerardus Maria Willebrands, aartsbiskop-emeritus fan Utert, en Johannes Antonius de Kok, helpbiskop fan Utert, as ko-konsekrators.

Op 18 juny 2008 folge De Korte Wim Eijk op as biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert en op 13 septimber 2008 yn 'e Sint-Joazefkatedraal ynstallearre.

Op 5 maart 2016 waard De Korte beneamd ta biskop fan De Bosk, dêr't er Antoon Hurkmans opfolge, dy't fanwegen syn sûnens mei emiraat gie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gerard de Korte fan Wikimedia Commons.