Gerbadastate
Gerbadastate, ek Herbadastate en letter Doumastate en Sixmabosch wie in state besuden Hallum oan de súdkant fan de Hallumer Feart yn de gemeente Ferwerderadiel. Fan de state is neat mear werom te finen.
It stichtingsjier is ûnbekend mar de state waard krektas Feitsma pas yn de rin fan de 16e iuw in aadlik bewenne hûs. Yn 1511 wie Ids fan Eminga eigener; yn 1540 dy syn skoansoan Jelger fan Feitsma, troud mei Claer fan Eminga. Jelgers beide dochters wennen yn Hallum: Tieth op Feitsma, Saepck op Gerbada. De lêste troude mei Epe fan Douma út Jirnsum. Harren grêfsarken lizze noch yn de tsjerke.
- Bewenners
- 1511 Ids fan Eminga
- 1540 Jelger fan Feitsma
- om 1565 Epe fan Douma
- 1565 - 1615 Barthold fan Douma
- 1615 - 1650 Epe fan Douma
- 1650 - 1868 Barthold fan Douma en syn frou Dorothea fan Crack
- 1868 - 1684 Dorothea fan Crack
- sûnt 1684 Ulbo Sixma fan Andla en syn frou Remck fan Douma
- A. T. R. fan Sixma en Albertina du Tour
- oant 1794 kapitein Du Tour fan Bellinchave en syn frou Duconia fan Sixma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|