Gerhardus du Pon
Gerhardus du Pon (Blesdike, doopt op 12 juny 1746 - Ljouwert, 19 septimber 1777) wie in keunstkilder. Hy waard benammen bekend troch it skilderjen fan skoarstienstikken en behingsels.
Yn 1765 makke er foar it stedhûs fan Ljouwert de foarstelling de skiednis fan Jephte. Yn 1765 ferskynde ek in adfertinsje fan him om de jongerein tekenles te jaan. In oar skilderij fan him is in ôfbyld fan it yn 1767 boude hearehûs fan Jan Zeeper oan de Deinumer Suupmarkt (Nijstêd 53) yn Ljouwert. Dit skilderij wurdt bewarre yn it Frysk Skipfeart Museum. Op 26 juny 1768 troude er yn Ljouwert mei Anna Leiber. Nei syn dea gie syn frou troch mei de saak yn behingsels mei in masterfeint. Letter waard se kreamheinster.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|