In geriifbosk is in lyts bosk dêr't eartiids it geriifhout, kaphout, wei helle waard dat yn en om it hûs of de pleats brûkt waard. Geriif betsjut 'te brûken', 'gemak'.

Geriifboskje yn de Vlietpolder, by Ofwegen.

Geriifboskjes waarden faak troch boeren brûkt. It (kap)hout dat it opsmiet waard wol boeregeriifhout neamd. Somstiids wurdt frijwat min hout noch wolris sa oantsjut. In geriifboskje wurdt faak sûnder rjocht oansjoen foar in pestboskje.

Natuer bewurkje seksje

Geriifboskjes funksjonearre distiid faak as habitat foar bysûndere floara en fauna. Dêrom binne it no faak beskerme natuergebietsjes.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: