Gertrude Käsebier

Gertrude Käsebier (skûlnamme), feitlik Gertrude Stanton Kasebier, (Des Moines, Iowa; 18 maaie 1852 -New York, 13 oktober 1934) wie in Amerikaanske fotograaf. Sy jildt as in keunstner fan it Pikturalisme.

Selsportret, ± 1899

Libben en wurk

bewurkje seksje

Gertrude Käsebier, mem fan trije bern, begûn frijwat let mei de profesjonele fotografy; yn de jierren 90 makke hja út en troch foto's fan famyljeleden en earst 1897 iepene hja in portretatelier yn New York.

Mei portretfotografy hie hja rillegau súkses; al yn 1898 krige sy in útstalling yn de New Yorker Camera Club. Alfred Stieglitz naam yn 1903 seis fan har foto's op yn syn Magazyn foar Fotografy, Camera Work.

In foto fan har, titele 'De krêbe' (The Manger) smiet yn 1899 100 dollar op, de heechste priis dy't oant dan ta foar in keunstfoto betelle waard. Käsebier wie ek de earste frou dy't yn de Brotherhood of the Linked Ring talitten waard en wie mei Stieglitz oprjochter fan Photo-Secession.

De Universiteit fan Delaware hat in grutte samling fan Käsebier har wurk.

  • Barbara L. Michaels: Gertrude Kasebier: The Photographer and Her Photographs. Harry N. Abrams, Inc., New York 1992, ISBN 0-8109-3505-8

Keppelings om utens

bewurkje seksje