De Gesta Fresonum is in Aldfryske kronyk út de Kodeks Furmerius en giet oer de dieden fan de Friezen. De Gesta is in bewurking fan de Latynske Historia Frisiae, ‘De skiednis fan Fryslân’. De Historia einiget mei it bemasterjen fan de keizerstêd Aken troch de Friezen yn 1248. It moat tusken 1450 en 1460 skreaun wêze. De bewarre Latynske tekst komt út in hânskrift fan de gelearde Hartmann Schedel yn Neurenberch, dat nei alle gedachten yn 1492 of 1493 skreaun is.[1] De Gesta is wierskynlik om 1470 hinne ûntstien. Oare oanpassingen fan deselde basistekst binne de Gesta Frisiorum, de Olde Freesche Cronike en it saneamde Aldfrysk Kronykje.

It is net bekend wa't de skriuwer wie fan de Historia Frisiae, mar it soe blykber in geastlike west ha, omdat er it Latyn goed yn 'e fingers hie en in protte sitaten brûkt út oare skreaune boarnen, as de Bibel, it Romeinske Misboek, hilligenlibbens en kroniken.

Ynhald bewurkje seksje

Yn de Gesta steane mytysk-legindaryske ferhalen oer de oarsprong fan de Friezen en har rjocht. Sa soenen de Friezen oarspronklik fan in eilân Frisa komme by Yndia. Neffens in oar ferhaal wie Redbad kening fan Denemarken en hied er in twakamp mei Karel Martel dy't sûnder geweld besljochte waard. Fieders komt de sêge fan de tolve asega's der yn foar.

Edysjes bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  1. Online tagonklik fia de Beierske Steatsbibleteek BSM Clm 461.