Getto fan Riga
It Getto fan Riga wie in yn 1941 troch de nazy's ynsteld getto yn 'e Letske stêd Riga. It waard yn in lyts part fan Maskavas Forštate, in wyk fan Riga, opset. Oarspronklik wie it allinnich foar joaden út Letlân bedoeld, mar letter waarden ek Dútske joaden yn it kamp finzen set.
Op 25 oktober 1941 begûnen de Dútsers de net-joadske bewenners fan it gebiet út te setten en twongen se de joaden út Riga en omkriten nei it getto te ferhúzjen. De measte Letske joaden dêr (sa'n 24.000) waarden by it Rumbula Moardpartij op 30 novimber en 8 desimber 1941 fermoarde. Dêrnei waarden Dútske joaden nei it kamp brocht, wêrfan de measten ek by massamoarden om it libben brocht waarden.
Hoewol't it getto meastentiids as in ienheid oantsjut wurdt, wiene der feitlik meardere getto's. De earste wie it grutte Letske getto. Nei de moardpartijen fan Rumbala waarden de noch libjende joaden yn in lytser gebiet fan it oarspronklike getto konsintrarre, dat bekend waard as it Lytse Getto. Dat lytse getto waard wer opdield yn in stik foar manlju en in stik foar froulju. It frijkommende gebiet fan it grutte getto waard doe oan Dútske joaden tawiisd en waard bekend as it "Dútske getto". [1]
Ynstelling fan it getto
bewurkje seksjeRiga waard op 1 july beset troch Nazy-Dútslân. Al op de earste dei fan 'e besetting setten Letske kollaborateurs útein mei it oppakken fan tûzenen joaden. Se waarden mishannele, finzen set en neitiid yn it Bikerniecki-bosk fermoarde. In pear dagen letter waard de grutte synagoge yn 'e brân stutsen. Alle oare synagoges folgen dêrnei. Allinne de Peitav-synagoge waard net yn 'e brân stutsen om 't yn 'e oanbuorjende gebouwen Letten wennen.
Op 21 july 1941 waard besletten om de joaden yn it getto te konsintrearjen. Alle joaden waarden registrearre en in Joadske ried, besteande út foaroansteande joaden, waard oprjochte. Op 23 oktober krigen de registrearre joaden de opdracht om nei Maskavas Forštate te ferhúzjen, dat op 25 oktober beslikke wêze moast. Likernôch 30.000 minsken waarden yn in lyts gebiet byinoar dreaun. It gebiet waard fuort ôfset mei stikeltried en mei Letske wachtposten bewekke. Elkenien dy't te ticht by it stikeltried kaam, waard fuortendaliks deasketten. De wachtposten stiene ûnder lieding fan 'e Dútske plysje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen nl:Getto van Riga
|