De Giele Rivier (Huanghe of Huangse) is nei de Jangtse de twads langste rivier fan Sina (5464 km). De rivier rint troch it noarden fan Sina. De rivier ûntspringt op 4.500 meter hichte by Kwingsang (Sinkiang) en wetteret út yn de Giele See. De grutste stêden oan de Giele Rivier binne Lanzhou en Jinan. Troch de sydrivieren fan de Giele Rivier komt der in soad slib yn it wetter, wêrtroch't it wetter in giele kleur krijt en dêrom de Giele Rivier neamd wurdt.

Ferrin fan de Giele Rivier
Giele Rivier