Glappa fan Bernisia
Glappa fan Bernisia regearre fan 559 oant 560. Hy wie de twadde kening fan Bernisia dêr't wy fan witte.
Hy wie ien fan de acht oant tolve soannen fan kening Ida fan Bernisia, stifter fan it Angelsaksysk keninkryk Bernisia. Oer syn libben en regear is fierders neat bekend. Saakkundigen ferskille fan miening oer de folchoarder en regearjierren fan de keningen tusken de dea fan Ida en it begjin fan Æthelfrith syn regear (592/593).