Gloster Gauntlet
De Gloster Gauntlet wie in ienpersoans twaddekkerjager ûntwurpen en produsearre troch de Britske fleantúchbouwer Gloster Aircraft yn de jierren 1930. It wie it lêste gefjochtsfleantúch fan de Royal Air Force (RAF) mei in iepen cockpit en ek de op ien nei lêste twaddekker gefjochtsfleantúch yn tsjinst fan de RAF.
Gloster Gauntlet | ||
In Gloster Gauntlet Mk II, GT-400, fan de eardere Finske loftmacht (2008) | ||
algemiene ynformaasje | ||
rol | jachtfleanmasine | |
lân f. oarspr. | Feriene Keninkryk | |
makker | Gloster Aircraft | |
gebrûk | ||
earste flecht | 1933 | |
yn tsjinst | 1935 | |
út tsjinst | 1945 | |
tal makke | 246 (1933–1936} | |
brûkers | Finlân, Denemark, Royal Australian Air Force | |
grutste brûker | Royal Air Force | |
Untwikkele út | Gloster S.S.18/19 | |
Fariant | Gloster Gladiator |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Gauntlet wie it wichtichste jachtfleantúchtype yn de Royal Air Force yn de jierren 1930 en wie ornearre as ferfanging foar de Bristol Bulldog en wie ûngefear 50 myl/o rapper as dy en swierder bewapene. Yn maaie 1935 waard No. 19 Squadron de earste ienheid dy ’t de Gauntlet I ûntfong. Yn 1937 wiene der mar leafst 14 squadrons fan de Britske loftmacht mei útrist. De ûntwikkelingsskiednis fan it tastel is behoarlik kompleks. Der wiene trije oanbestegings nedich foardat it tastel as produksjemodel ôflevere waard. By earste oanbesteging waard in relatyf komplisearre folslein metalen konstruksje presintearre, mar der wie de RAF nei wei fan. De Gloster Gauntlet oertsjûge ek net yn de twadde oanbesteging. Tsjin de tiid dat it úteinlik mei sukses troch de tredde oanbesteging kaam en der in oarder foar 24 fleantugen foar de RAF pleatst wie, wie Gloster al ûnderdiel fan de Hawker-Siddeley Group.
De earste modellen waarden Gloster Gauntlet MkI neamd en hiene in twablêdige Watts-propeller fan hout. It haadmodel wie lykwols de Gloster Gauntlet MkII mei in trijeblêdige metalen Fairey-Reed propeller. Der waarden yn totaal 24 MkI en 204 MkII produsearre. [1]
Tsjin 1936 begûn de RAF mear avansearre gefjochtsfleantugen oan te skaffen, lykas de Gloster Gladiator, Hawker Hurricane en Supermarine Spitfire, en stadichoan ferfongen dy de Gauntlet. As gefolch dêrfan waarden Gauntlets meastentiids oerbrocht nei krekt oprjochte ienheden en tsjinnen se as harren earste útrissing sadat se traine koene foardat se modernere gefjochtsfleantugen krigen. Der waard ek besletten om in grut tal Gauntlets nei fiere, ôfhandige parten fan it Britske Ryk te skypjen, bygelyks om trije RAF-squadrons út te rissen dy 't yn it Midden-Easten stasjonearre wiene. [2]
Santjin Gauntlets II's waarden yn lisinsje produsearre yn Denemarken, [3] wylst 25 eardere RAF-masines levere waarden troch Súd-Afrika levere waard yn it ramt fan de stipe oan Finlân yn 1940, dat ferwikkele wie yn de Winteroarloch tsjin de Sovjet-Uny. Se wiene doe al ferâldere, mar waarden troch de Finnen brûkt as avansearre trainers. [4]
Produksje
bewurkje seksjeOantal Gloster Gaunlets oannaam troch de RAF :[5]
Ferzje | 1935 | 1936 | 1937 | Totaal |
---|---|---|---|---|
Mk.I | 24 | 24 | ||
Mk. II | 200 | 14 | 214 | |
Totaal | 24 | 200 | 14 | 238 |
Technyske gegevens
bewurkje seksjeParameters | Feiten |
---|---|
Bemanning | 1 |
Lingte | 8,05 m |
Spanwiidte | 9,99 m |
Hichte | 3,12 m |
Fleugeloerflak | 29,3 m² |
Gewicht leech | 1259 kg |
Startgewicht | 1800 kg |
Heechste faasje | 370 km/o |
Tsjinstplafond | 10.120 m |
Fleanberik | sa'n 740 km |
Oandriuwing | luchtkuolle 9-silinder-stjermotor Bristol Mercury VI S2, 640 hk (477 kW) |
Bewapening | 2 × 7,7-mm-Vickers-masinegewearen |
Bewarre tastellen
bewurkje seksjeDe iennichste loftweardige Gauntlet Mk II fan 'e wrâld is de OH-XGT yn Finlân. Hy stiet op fleanfjild Kymi by Kotka en wurdt geregeld tentoansteld op airshows. De orizjinele motor is ferfongen troch in Alvis Leonides mei 520 pk.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gloster Gauntlet fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |